Learzens

Learzens

Wêr hast it oer, leave. Leafde, nee, leaver net
Seist do hâldst fan my, mar ik leau dy net
Ik bliuw dan wol by dy, mar bin dy lang net trou
Do nimst my dat kwea ôf? Wat makkest my no!

Ik hear se yn de fierte
Dêr komme se wer oan
De learzens bin’ twasidich
en se wâldzje om en om

Tink mar net: se rinne wol om my hinne
Tink mar net: ik kom der wol foar wei
Do liuwst noch yn ús trip nei Futsjefinne
Mar ik rin al in hiel skoft net mear mei

De learzens bin’ twasidich
Dat makket my sa kel
Ik sjoch se yn de fierte
En se wâldzje dy sa del

Ik hâld fan dy, al is it mar sebeare
De learzens bin’ tegearre ien yn in pear
Harsenskraabje waard de kearn fan ús leafde
En de learzens dogge allinne noch mar sear

Ik hear se yn de fierte
Dêr komme se wer oan
De learzens bin’ twasidich
En se wâldzje om en om

Hâld dy beet, baby
Hjir komt de SS…..

Hâld dy beet, baby!

Hâld dy beet, baby!

.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail