Like frij as dy

De vertaling van ‘Bohemian like you’, nog niet bepaald af.

Like frij as dy

hast in nije fyts
docht it achterljocht it wol?
dy fan my docht it net mear
ik sil der nei sjen, in oare kear

hast nei de kapper west
dat stjit dy suver flot
dat fan my hat ek wol wat
wy kinne net kapot sa, snapst wol?

dat, wat hast by it ein?
doch ik ek, foar it jild
ik ha jim bandsje noch net heard
jim bestean ek mar krekt

ytst gjin fleis?
kom dan mar by ús moarn
it spul is net bedoarn
fynst it fêst lekker

want ik mei dy
ja, ik mei dy
en ik fiel my
like frij as dy
en ik mei dy
ik mei dy
en ik fiel my
oe hoe hoe-oe

ho ho
wa is dy kloat
dy hieltyd sit te sjen
is it ien dytsto kinst

jim binne út inoar, dat is tige slim
mar moai dat hy dyn hier betellet
en net oerremis wurdt
as hy op de bank sliept en ik by dy yn bêd

want ik mei dy
ja, ik mei dy
en ik fiel my
like frij as dy
en ik mei dy
ik mei dy
en ik fiel my
oe hoe hoe-oe

ik krij it aardich troch
en ik fiel my frij lykas dy
en ik wol dy, dus hjir
samar in lyts kado
of net?
It is foar my

want ik mei dy
ja, ik mei dy
en ik fiel my
like frij as dy
en ik mei dy
ik mei dy
en ik fiel my
oe hoe hoe-oe

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *