Baby’s

Sy kaam út de Wâlden wei nei Amsterdam
Seks, dêr wist sy gjin bliksem fan
Sy rekke doe swier yn in kraakpand
Har namme is (hjir) fierder net fan belang
Sy wist net wa’t de heit wie en sy woe it net ha
En fuorthelje litte, kin ommers ek mar sa!

Baby’s, ik wit der neat fan
Baby’s, bin ik in bist dan?

Hup! Op in tafel yn in âlde loads
Net nei de dokter, dus dan wat oars
Bloederige bende, wat in bargerij
it like wol it ôffal fan in slachterij
Babys, skriemende griemerij.
Bin ik in bist dan? Bin ik in moardner?

Baby’s, ik wit der neat fan
Baby’s, bin ik in bist dan?

Neuk dit en neuk dat, neuk it allegear en dan nochris wat
Sy wol net in poppe dy’t der sa útsjocht
Ik wol net in poppe dy’t der sa útsjocht

Baby’s, ik moat der neat fan ha
Baby’s, bin ik in bist dan?

800px-AngkorWatAbortionAD1150

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *