de alderlêste dei

De alderlêste dei

net ien komt foarby
de lêste dei

panyk grypjende klauwen
fan bern nei har mem
folkwoeksen manlju houwe
op inoar yn sûnder rem

net ien komt foarby
de lêste dei

ierdbeving, floedweach
pestilinsje, hongerdea
in pjut mei in bebloed’each
gjin beweging yn de lea

net ien komt foarby
de lêste dei

net mear benaud foar it nukleêre
mar no foar it natuergeweld
in kalender mei de finale barrière
de alderlêste dei útteld

net ien komt foarby
de lêste dei (ik hâld sa fan dy)

it nukleêre

it nukleêre

.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Holle eagen

Holle eagen

stroffeljend oer myn bokkepoat
swalkjend yn in slangehoal
koarthakke is myn soartgenoat
lykas my in grut omkoal

eagen as twa lege aaien
de siel op slot sûnder in passende kaai

doarmje yn in rattenêst
fan healwiis nei stapelgek
‘t Walhalliaanske fjoer is dôve
stoarje ik mar nei myn nâle

gnostic warrior

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Immen struit brea

stadich wekker wurde en stroffeljend de dûs yn
sikest nei de konfrontaasje mei de spegel
is in nije dei útein set..

negearst dyn ûnmacht en honger
sjochst út oer it fjild
it wiete stjritsje spegelet
der is nimmen op paad

in skûlplak foar in nacht
kontrôle oer dyn dreamen
tinzen foar de lange baan
nimmen wit
wêr dit op ta sil

iensummens nimt it fan dy oer
in sêft rûzjen yn dyn ear
tiid foar de deistige saken
immen boppe struit brea

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail